Winst foar Afvalsturing

28 apr 2010 - 10:09

Afvalsturing Friesland hat ferline jier goed in miljoen euro winst makke. De omset wie goed 85 miljoen. It bedriuw boekt dêrmei in krekt wat better resultaat as yn 2008.

De ferbettering is ta te skriuwen oan it werombringen fan de kosten en it better ferkeapjen fan brânbere stoffen dy't oerbliuwe by it ferwurkjen fan smoargens. Gemeenten hoegden yn 2009 minder oan Afvalsturing Friesland te beteljen foar it ferwurkjen fan har smoargens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)