Winst foar Afvalsturing

27 apr 2007 - 15:11

Afvalsturing Friesland hat yn 2006 hast 1,2 miljoen euro winst makke. De direksje fan de ôffalferwurker is tefreden mei it risseltaat, seker om't it mienskiplike taryf foar restôffal it ôfrûne jier net ferhege is.

De hegere winst kin foar in part ferklearre wurde út de gruttere omset troch ek papier yn te sammeljen en der is mear ôffal ferwurke. Dêrneist siket it bedriuw hieltyd nei mooglikheden om de kosten te ferleegjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)