Winst Flyers tsjin Geleen

17 okt 2009 - 10:51
  • Benaude mominten foar it doel fan Flyers (foto: Martin de Jong)

De Hajé Flyers ha freedtejûn de wedstriid tsjin Geleen mei 4-3 wûn. De iishockeyers moasten hiel lang wachtsje foardat se it iis op koene. In glêsplaat achter in goal gong by it ynslaan oan gruzeleminten.

Nei oardel oere opûnthâld wûn de thúsploech de earste perioade mei 1-0. De twadde perioade einige yn 1-1. Yn de tredde perioade kamen de Flyers op 4-1 en like de wedsriid dien. Geleen kaam lykwols mei twa doelpunten noch hiel tichtby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)