Winst Flyers, ferlies Aris

05 jan 2008 - 22:50

De iishockeyers fan de Vadeko Flyers ha sneontejûn op it eigen iis mei 4-3 fan de Amstel Tijgers Amsterdam wûn. It waard yn de ekstra tiid 4-3 foar de Feansters. De Flyers bliuwe koprinner yn de kompetysje.

Minder gong it mei de basketballers fan Aris. De Ljouwerters ferlearen yn sporthal It Kealledykje mei 66-80 fan Amsterdam. Aris Friesland bliuwt foarlêste yn de kompetysje mei 6 punten út 18 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)