Winst en lykspul yn haadklasse

08 maaie 2006 - 11:56

Sneinshaadklasser De Jouwer spile snein yn en tsjin Babberich. Dizze wichtige wedstriid yn ferbân mei degradaasje waard wûn troch De Jouwer mei 2-0. Yn de earste helte makke Oebele Schokker de 1-0 foar de Jousters. Nei it skoft soarge René Geertsma foar de 2-0 einstân.

Snits spile op it eigen fjild tsjin WSV út Apeldoorn. De Snitsers spilen mei 1-1 gelyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)