Winst en ferlies haadklassers

18 sep 2010 - 17:27

Troch in lette goal fan Cutrick Gonzales hat ONS Snits sneon yn de haadklasse C trije punten pakt tsjin SVZW. De mannen fan trainer Jan Vlap krigen wol kânsen, mar pas nei twa minuten yn blessueretiid waard it 1-0.

Yn de selde haadklasse hat Drachtster Boys mei 2-1 ferlern fan Deto. Foar rêst wie Deto better en skoarde twa kear. Drekt nei de tee dreau Drachtster Boys oan, mar koe allinnich Marco Woudmsa skoare. ONS stiet treds en Drachtster Boys njoggende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)