Winst en ferlies haadklassers

13 mrt 2005 - 13:55

Harkemase Boys hat sneon mei 3-0 wûn fan Genemuiden. It wie in frij maklike oerwinning foar de HArekietne, dy't meidwaan bliuwe om de titel.

De oare Fryske haadklasser, ONS Snits, hie in mindere dei. De ploech kaam mei 3-0 efter, mar de Snitsers wisten harsels wer yn de wedstriid te spyljen. Se kamen werom nei 3-2, mar doe wie it dien mei de ynhelrace. It skoareboerd bleau stean op 3-2. ONS komt no ticht by degradaasjesône.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)