Winst en ferlies by Fryske klubs

16 jul 2003 - 00:00

De beide Fryske betelle fuotbalklubs spilen tiisdei in oefenwedstriid. SC Hearrenfean spile yn Kampen tsjin it Belgyske Racing Club Genk. De Feansters wûnen mei 2-1. De twa goals wienen fan Stefan Selakovic. Sneon moatte se yn de yntertoto fuotbalje tsjin Lierse SK.

Cambuur spile yn Surhústerfean tsjin Veendam. Veendam wûn mei 4-2. Freed spylje de Ljouwerters in oefenwedstriid yn Wurdum tsjin it nasjonale alvetal fan Saudi Arabië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)