Winst De Jouwer, ferlies Snits

18 apr 2006 - 09:42

De Fryske fuotbalhaadklassers De Jouwer en Snits moasten moandei wer oantrede foar de kompetysje. De Jouwer wûn yn Geesteren mei 2-0 fan Stevo. Yn de 45ste minút skoarde Ronnie Nolles de earste goal. Yn de twadde helte brocht Peter Buuise de Jousters op de 2-0 einstân.

Yn in matige wedstriid ferlear Snits op eigen fjild mei 0-1 fan Quick '20 út Oldenzaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)