Winst bringt Nauta nei 2e plak

01 mrt 2014 - 19:21
  • Yvonne Nauta

Yvonne Nauta hat troch de winst op it NK allround yn Amsterdam op de 3000 meter in bêste sprong yn it klassemint makke. Mei har winnende tiid fan 4.14.00 klimt se nei it twadde plak achter Jorien Voorhuis. Voorhuis kaam yn 4.19.60 net fierder as it sechsde plak. Diane Valkenburg waard yn 4.17.47 twadde, Irene Schouten tredde yn 4.18.34. Twellingeaster Nauta moat snein op de 1500 meter 1.05 sekonde goedmeitsje op Voorhuis. Snein wurdt ek noch de 5000 meter riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)