Winsemius: Wynmûneplan wurdt yn Den Haach net serieus naam

18 des 2014 - 13:39
  • Pieter Winsemius

It slagget net om foar 2020 wynmûnen op of lâns de Ofslútdyk te pleatsen. Dat stelt âld-minister Pieter Winsemius. Hy wie ien fan de minsken dy't belutsen wie by Fryslân foar de Wyn. Neffens Winsemius sille de Fryske Provinsjale Steaten en Deputearre Steaten yn Den Haach net serieus naam wurde mei it beslút dat woansdei naam is.

Ek aksjegroep Don Quichot set grutte fraachtekens by de helberens fan it beslút. De aksjegroep is grut tsjinstanner fan in wynpark yn de Iselmar.

Wurdfierder Aly Talhout ferwachtet dat it benammen juridysk sjoen dreech wurde sil de plannen fan de provinsje út te fieren. Inisjatyfnimmer Anne de Groot fan wynpark Fryslân tinkt ek dat fan de plannen neat terjochte komt. Der bin tefolle betingsten op de dyk om foar 2020 de ôfspraken mei it Ryk nei te kommen. Dat giet dan om it pleatsen fan 530 megawatt oan wynturbines yn Fryslân. Hy ferwachtet op termyn syn plannen fierder útwurkje te kinnen. Dat giet dan om in park yn de Iselmar by Breesândyk.

De gemeente Súdwest-Fryslân is bliid mei it besút. It jout neffens wethâlder Akkerman oan dat de Steaten goed lústere ha nei wat der libbet yn de mienskip. Sy is oertsjûge dat minister Henk Kamp de Ofslútdyk oanwize sil as geskikte lokaasje foar wynturbines.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)