Winners VIP-behanneling socht

13 sep 2008 - 13:22

Fuotbalferiening LAC Frisia út Ljouwert is op syk nei in lid dat in priis wûn hat by in wedstriid fan in grutte bierbrouwer. By de aksje is in VIP-behanneling te winnen by de wedstriid tusken Feyenoord-Ajax fan nije wike snein. De winner en syn team wurde ophelle troch in helikopter.

De fuotbalklup is belle troch it helikopterbedriuw dat de flucht útfiert. Dat wol witte oft se op it terrein lande kinne. Mar by Frisia wit net ien wa't de priis wûn hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)