Winners Junior Rely bekend

25 jun 2014 - 12:21

Fjouwer fersen en trije ferhalen binne dit jier bekroand yn de Junior Rely 2014. Roelof Kooistra út Kûbaard wint de earste priis mei syn fers 'Jo', op it dield twadde plak einigje Ilse Duisterhout út Warkum en Yvanka Visser út Boalsert. Yn de kategory proaza hat Berber Tiemersma út Frjentsjer de earste priis wûn foar har ferhaal 'Sinne'. Twad is Anneke van der Werf út Kûbaard en Jannita van der Veer út Winsum is tred wurden.

Op sneon 20 septimber wurde de prizen fan de Junior Rely útrikt yn de tsjerke yn Bears.

Sûnt 2004 wurdt alle jierren de Junior Rely-priisfraach útskreaun foar de jongerein fan 12-18 jier. Dit jier wiene der in soad ynstjoerings, krapoan 90 gedichten en ferhalen. De sjuery bestiet dit jier út Erica Bergema, Thys Wadman en jeugdsjuerylid Anneke Smid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)