Winners Gouden Lykdoarn bekend

18 des 2004 - 15:05

Doar.nl hat de winners fan de Gouden Lykdoarn, literêre priis mei selsspot, bekend makke. De minst literêre útjefte is 'Ridder fan Snits' fan Willem Tjerkstra. De grutste selfkickers binne Eric Hoekstra en Josse de Haan.

De meast paranoïde skriuwer is Cornelis van der Wal en de webside fan Abe de Vries, al twa jier net ferfarske, is útroppen ta de meast oerstallige. De prizen waarden freedtejûn útrikt by Studinteferiening Wolwêze yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)