Winners earste SJONG! bekend

11 maaie 2007 - 13:41

It earste sjongfestival foar jongeren, SJONG!, is wûn troch Patricia van der Wal en Brechtsje Brouwer. Sy makken de bêste tekst. Mariëlle Osinga en Fetske van der Meulen wûnen de earste priis foar it as bêste sjongen fan in liet.

SJONG! is bedoeld foar jongeren tusken de 12 en 18 jier. Sy moatte sels in Fryske tekst skriuwe op in besteand melody. Omdat der no hast allinnich famkes meidienen, sil der yn de takomst ek oan Fryske rap dien wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)