Winner twitter-Alvestêdetocht

01 maaie 2011 - 14:43

De earste Alvestêdetocht op twitter is wûn troch maratonreedrydster Sandra 't Hart. De firtuele wedstriid op ynternet is freed fan start gien. Under de namme Sportmethart die 't Hart 8.50,02 oeren oer de tocht.

Elk dy't op de sosjale mediasite twitter sit, koe meidwaan. Fan ale minsken dy't de tocht útriden hawwe, komt der in tegel op de brêge by Bartlehiem. It twitter-evenemint is organisearre troch Namme.fr dat ynternetadressen op .fr ferkeapet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)