Winner FNP bûten kolleezje

23 mrt 2002 - 00:00

Winner FNP fan de riedsferkiezings yn Achtkarspelen bliuwt bûten it nije kolleezje fan B en W. It CDA sjocht gjin heil yn gearwurking mei de FNP.

Beide partijen koene elkoar programmatysk wol fine, mar it CDA hie muoite mei de wize wêrop't dat barde. Neffens it CDA die de FNP konsesjes om ta oerienstimming te kommen. Dat soe spanning jaan kinne mei de achterban.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)