Winnende hurdfytsende Friezen

01 jul 2003 - 00:00

Sieger Haaksma fan Beetstersweach hat moandei de prolooch fan de hurdfytserij fan it 'Noordenveld-Westerkwartier' wûn. De ôfstân wie 2,2 kilometer. De Friezen Arjen Wolters, Germ van der Burg, Ytzen Faber en Wiebe Smit kamen op de plakken dêrnei.

Nei de koarte tiidrit folge in kritearium oer 80 kilometer, dy't wûn waard troch Marco Bos fan Roden. Fries- om-utens Folkert de Haan waard twadde, Sierk-Jan de Haan fan Dokkum tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)