Winnend ûntwerp sânskulptueren

15 aug 2013 - 17:12
  • Sânskulptuer yn Snits

Lysanne (11) har ûntwerp foar in skulptuer hat in priis wûn op it sânskulptuerefestival yn Snits. It is boud troch de twafâldige wrâldkampioene Nicola Wood. It ûntwerp is it alvestêdekrúske en is keazen út sa'n 600 ynstjoerings. Oant no ta besochten mear as 25.000 minsken it evenemint. Foar de organisaasje genôch reden om wer werom te kommen nei Snits.

De skulptueren stean noch oant oktober. Dêrnei wurdt de 700.000 kilo oan sân oprûme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)