Winnend Snits Wyt Swart allinne koprinner

07 des 2014 - 16:18
  • Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart Boso Snits bliuwt koprinner yn de sneins haadklasse C. De Snitsers wûnen yn Huissen mei 4-0 fan RKHVV. Age Hains Boersma sette syn ploech mei in kopbal op foarsprong. Yn de twadde helte ferdûbele Tjeerd Andringa, noch mar krekt as ynfaller op it fjild, de marzje. Boersma tekene mei twa goals yn de lêste tsien minuten foar de fjouwerklapper. Troch it ferlies fan Juliana '31 op eigen fjild tsjin Quick '20 is Snits no allinne koprinner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)