Winnend Snits nei twadde plak

23 feb 2013 - 21:15
  • Snits-Dynamo
  • De winst is binnen

De follybalfroulju fan Snits ha sneontejûn yn de Snitser sporthal mei 3-1 wûn fan Dynamo Apeldoorn. It wie in echte 'hinne en wer' wedstriid. De earste set gong maklik mei 25-14 nei de thúsploech. Dynamo wûn de twadde set mei 25-23, mar waard dêrnei mei 25-8 de sporthal útslein. De lêste set wie mei de nedige muoite mei 25-23 foar de ploech fan Petra Groenland. Troch it ferlies fan Weert by Eurosped komt Snits njonken Weert op it twadde plak. Beide ploegen ha 40 punten út 19 wedstriden en treffe inoar takom sneon yn Weert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)