Winnend Mid-Fryslân is feilich

20 maaie 2013 - 16:35
  • Kuorbal

Mid-Fryslân spilet ek takom seizoen wer yn de fjildhaadklasse. De kuorballers fan Reduzum en Grou wûnen op pinkstermoandei mei 18-13 fan Wageningen. Nei 5-5 hie Mid-Fryslân in tûke rite. Healwei stie it 13-6. Yn de earste tweintich minuten fan de twadde helte kaam de spanning werom, omdat by de thúsploech it sjitkrûd damp wie. Wageningen helle yn oant 13-10. Dêrnei rûgelen de ballen ek by Mid-Fryslân wer troch de koer en waard op eigen krêft klassebehâld beskrept.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)