Winnend LDODK is koprinner

19 des 2010 - 17:37
  • LDODK is de hjerstkampioen fan 2010

De kuorballers fan LDODK út Terwispel en De Gordyk gean as koprinner fan de haadklasse A it winterskoft yn. Snein waard thús Eibernest út Den Haach mei 26-16 oan de kant set. De earste helte wie spannend, omdat de skoare fan beide ploegen lykop gie. Mei rêst stie it 13-11.

Nei de tee naam de Fryske haadklasser ôfstân. Sneon ferlear Drachten yn deselde haadklasse mei 24-19 fan OVVO en wûn SCO snein mei 14-13 fan Mid-Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)