Winnend Jong H'fean koprinner

19 nov 2012 - 21:19
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Jong Hearrenfean hat de thúswedstriid tsjin koprinner Jong FC Utrecht mei 3-0 wûn. Yn de earste helte wie der wol in protte striid, mar amper kânsen. Yn it twadde bedriuw bruts in betide goal fan Mark Uth de wedstriid iepen. Opnij Uth en Luciano Slagveer soargen foar de 3-0. Keeper Kenny Steppe kearde yn it lêst noch hiel moai in strafskop fan FC Utrecht. Jong Hearrenfean is wer koprinner mei 9 punten út 4 wedstriden. De belofteteams fan PSV, Heracles, Utrecht, Ajax en Twente folgje op twa punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)