Winnend Cambuur ien helte goed

05 apr 2013 - 21:49
  • Cambuur wint fan FC Oss
  • Cambuur wint fan FC Oss
  • Cambuur wint fan FC Oss
  • Cambuur wint fan FC Oss

SC Cambuur hat freedtejûn yn de earste helte de wedstriid tsjin FC Oss wûn. De Ljouwerters hiene yn it eigen stadion in pikstart. Erik Bakker syn foarset fleach yn de 5e minút samar yn de Oss-goal. Fjouwer minuten letter kopte Martijn Barto de 2-0 tsjin de touwen. Healwei it earste bedriuw soarge Latupeirissa foar de 2-1. Krekt foar it skoft makke Adnane Tighadouini de 3-1. Fan it fûleinidige Cambuur wie yn de twadde helte neat mear oer. FC Oss waard baas op it fjild, mar die dêr te min mei. Giovanni Hiwat makke yn de ekstra tiid de 4-1.

Mohamed El Makrini krige in giele kaart en is foar de wedstriid fan moandei tsjin FC Dordrecht skorst. Cambuur is fjirde mei 46 punten út 25 wedstriden. FC Volendam is koprinner mei 51 út 26, folge troch Helmond Sport mei 51 út 27 en Sparta Rotterdam mei 49 út 26.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)