Winkelynbraak Garyp en Aldegea

05 feb 2010 - 10:51

Op 'e A7 by De Jouwer binne fjouwer Hagenaren oanhâlden foar ynbraken yn winkels yn Garyp en Aldegea. Om twa oere hie de plysje in melding krige oer Garyp. Op bewakingsbylden stiene fjouwer manlju dy't de achterdoar iepenbrutsen en deryn giene. Op dat stuit kaam ek in melding dat by in winkel yn Aldegea it alarm ôfgie. Dêr wie jild stellen.

Ferskate plysjes giene doe op syk nei auto's mei fjouwer ynsittenden, mei de arrestaasje as resultaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)