Winkelstrjitte yn Ljouwert ôfsetten om fallende stien

19 feb 2015 - 13:05

De Lytse Tsjerkstrjitte yn Ljouwert hat tongersdeitemoarn in skoftsje ôfset west fanwege in fallende stien. In man dy't bûten in winkel op syn frou stie te wachtsjen krige hast in bakstien op 'e holle. De stien wie út de skoarstien fan de pizzeria fallen.

De plysje hat de strjitte ôfsletten mei linten en de saak ûndersocht. Nei't bliken die dat der gjin fierder gefaar wie, is de winkelstrjitte wer frijjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)