Winkelstrjitte Balk autofrij

07 mrt 2011 - 07:41

De belangrykste winkelstrjitte fan Balk - de Van Swinderenstrjitte - wurdt tenei yn de simmermoannen op freed, sneon en snein ôfsletten foar auto's. Sa moat de strjitte oanlokliker wurde foar toeristen.

De winkelju yn Balk binne tsjin de ôfsluting, mar neffens boargemaster en wethâlders fan Gaasterlân-Sleat docht út enkêtes bliken dat der fierder in soad foarstanners binne. De gemeenterie moat noch in beslút nimme oer it foarstel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)