Winkelsintrum yn De Akkers

28 jul 2011 - 16:28

De Hearrefeanster wyk De Akkers moat in nij winkelsintrum krije, twa kear sa grut as it besteande. Dêr soene in supermerk en fiif lytsere winkels yn komme. It winkelsintrum fan no wurdt sloopt.

It sintrum komt dêr't earder de VMBO-skoalle stie, is it doel. Earder wiene der plannen foar winkelsintra op it Molenplein yn it sintrum en yn de wenwyk De Greiden. Dy giene net troch. De bewenners fan De Akkers krije de plannen nei de simmer te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)