Winkelsintrum Bilgaard ôfsletten

25 aug 2006 - 05:35

De offisier fan justysje hat it winkelsintrum Bilgaard foar trije dagen ôfsletten. Der mei net ien yn, de ûndernimmers en har fersekerders ek net. De technyske rezjerzje kin sa ûndersyk dwaan nei de oarsaak fan de brân.

Der komme grutte stekken om it ôfbaarnde part hinne te stean om foar te kommen dat der bygelyks plundere wurdt. De plysje set ekstra minsken yn om de saak yn de gaten te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)