Winkelsintrum Bilgaard grutter

17 des 2007 - 22:24
  • winkelsintrum Bilgaard foar de brân (argyf)

It nije winkelsintrum Bilgaard wurdt 1500 kante meter grutter en krijt 86 wenten. De wenten komme boppe-op it winkelsintrum. It giet foar it grutste part om sosjale hierwenten. Op it dak krije de bewenners de gelegenheid te parkearen.

Op it stuit wurdt al hurd wurke oan de bou fan it nije winkelsintrum. It earste part moat ein jannewaris oplevere wurde. Healwei takom jier folget de rest fan it plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)