Winkels V&D bliuwe yn jannewaris en febrewaris iepen

24 des 2015 - 19:20
  • V&D

De winkels fan V&D bliuwe yn jannewaris en febrewaris fan it takom jier gewoan iepen. Dat ha de kuratoaren tongersdei bekend makke. Se sizze ek dat der tsientallen partijen binne dy't it bedriuw, of dielen dêrfan, oernimme wolle. De kommende tiid sille se dizze oanfragen bestudearje.

V&D hat grutte skulden en it memmebedriuw Sun Capital wol net mear ynvestearje. Earder dizze wike hat it bedriuw útstel fan betelling krigen. Troch de winkels iepen te hâlden, fergrutsje de kuratoaren de kâns dat in trochstart slagget.

Trochstart

Yn de rin fan jannewaris moat dúdlik wurde oft in trochstart mooglik is foar de V&D, en foar de restaurants fan La Place dy't dêrby hearre. By it filiaal yn Ljouwert wurkje sa'n 200 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)