Winkels ticht yn Tsjummearum

22 jun 2011 - 13:34
  • Willem Spoelhof fan Doarpsbelang (argyffoto Omrop Fryslân)

Tsjummearum hat hieltyd minder winkels. De lêste tiid binne yn it doarp ferskate winkels en bedriuwen tichtgien en no stiet de Sparsupermerk ek al te keap. De leechrin komt troch it minne imago fan de streek fanwege de sâltwinning en de grûndelgong, seit Willem Spoelhof fan Doarpsbelang.

De saken gean ticht om't ûndernimmers gjin opfolgers finen kinne en der gjin nije bedriuwen komme. Dat is min foar de leefberens yn it doarp, neffens Doarpsbelang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)