Winkels 't Fean enerzjysuniger

21 jul 2011 - 10:59
  • Argyffoto Omrop Fryslân

Supermerken op It Hearrenfean sille besykje enerzjy te besparjen. Dêrfoar binne ôfspraken mei de gemeente makke dy't tongersdei ûndertekene waarden. Yn de oerienkomst stiet wat de winkels dwaan kinne oan enerzjybesparring. Sa kinne se kuolkasten en friezers permanint ôfdekke en sparlampen brûke.

Net alle supermerken yn de gemeente Hearrenfean hawwe de ôfspraken ûndertekene. De gemeente sil besykje bedriuwen dy't net meidogge, dochs noch oer te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)