Winkels Snits net te berikken

11 maaie 2007 - 20:07

Guon ûndernimmers yn Snits ûnderfine grutte problemen troch de ferskate wurksumheden yn de stêd. Sa wurdt op it stuit ûnder oare wurke oan de Prins Hendrikkade. Dêrtroch binne guon winkels mar amper te berikken.

Ek minsken op syk nei in parkearplakje yn 'e buert binne somtiden it paad bjuster. Foar Blommehandel Kroon oan de Blomstrjitte betsjutte de wurksumheden in grutte finansjele strop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)