Winkels neist Wibra iepen

02 jan 2007 - 11:08

De skea oan de Hema yn Hearrenfean troch de brân âldjiersnacht by de Wibra falt ta. De Hema is tiisdei gewoan iepengien. De Wibra en de Hema steane neist inoar, mar om't de Wibra in stiennen gebou is, koe de brân him net útwreidzje.

Der is wol reek yn it gebou fan de Hema kommen. In bedriuw hat dat fuorthelle. Ek it Kruidvat, de winkel oan de oare kant fan de Wibra, rûn gjin skea op en is gewoan iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)