'Winkels Ljouwert snein iepen'

06 feb 2013 - 22:48
  • Keapsnein

Winkeleigeners yn Ljouwert moatte tenei sels beslute meie oft se op snein wol of net iepen wolle. Dat skriuwe de riedsfraksjes fan de VVD en D66 yn in inisjatyffoarstel dat se yntsjinne hawwe by de gemeente. Neffens de liberale fraksjes kinne de winkeleigeners hiel goed sels beslute oer har iepeningstiden op snein en hoecht de gemeente har dêr net mei te bemuoien.

As de winkels sa mear sneinen iepen wêze kinne, soe dat goed wêze foar de lokale ekonomy en de wurkgelegenheid. Boppedat soe it ekstra toeristen nei de stêd lûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)