Winkels Langwar op snein iepen

25 mrt 2003 - 00:00

De winkels yn Langwar meie fan 1 april oant 1 novimber sneins ek iepen. De gemeenterie beslút woansdei oer de iepenstelling, mar no is al bekend dat boargemaster en wethâlders dêr flak foar binne.

Ut in enkête ûnder ynwenners en winkellju docht bliken dat in mearderheid foar de iepenstelling op snein is. Ferline jier wiene sneins al in pear winkels iepen. No meie ek de bakker en de slachter dat dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)