Winkels Harense Smid ticht

01 nov 2012 - 20:02

Elektroanikawinkel Harense Smit slút al har festigings yn Noard-Nederlân. Yn Fryslân giet it om de winkels yn Ljouwert, Drachten en op It Hearrenfean. It personiel komt op strjitte te stean. Yn hiel Noard-Nederlân giet it om goed 70 minsken. De sluting is needsaaklik om't de ferkeap fan elektroanika troch de ekonomyske krisis bot weromrint.

Ek keapje hieltyd mear minsken de apparaten fia ynternet. De winkels geane per 1 febrewaris 2013 ticht. It fakbûn is noch yn ûnderhanneling oer in sosjaal plan.

Neffens de FNV is it bod dat der no leit fan de direksje yn alle gefallen net genôch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)