Winkelrút ynslein yn Grou

14 jun 2009 - 14:38

In 21-jierrige man út Wurdum is yn de nacht fan sneon op snein yn de Haadstrjitte yn Grou oanholden op fertinking fan it dwaan fan fernielings. In portier fan in hoarekagelegenheid hie sjoen dat de man mei de hân in rút fan in winkel ynsloech en warskôge de plysje.

Neffens de portier wie de fertochte lilk omdat er de hoarekagelegenheid útset wie. De fertochte waard oanholden en foar fierder ûndersyk ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)