Winkelpersoniel bedrige

20 maaie 2011 - 10:37

De plysje hat tongersdei yn in winkelsintrum op It Hearrenfean twa jonges en in man oanhâlden. Ien fan de trije mocht dêr net komme, omdat er in winkelferbod oplein krigen hie.

Doe't in meiwurker him derút sette woe, bemuoiden de twa oare fertochten har dermei. Se bedrigen it personiel. De trije manlju binne troch de plysje meinaam nei it buro. Neidat se heard wiene, binne se mei in proses-ferbaal nei hûs ta stjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)