Winkelman weeft ôf mei dief

20 jul 2007 - 15:02
  • De fytsesaak fan Rein Faber

De plysje hat tongersdei in Ljouwerter fan 18 jier oanhâlden nei't er besocht hie in fytsewinkel oan it Willem Alexanderplein te oerfallen. Mei in pistoal yn 'e hân, in bivakmûtse en in sinnebril op bedriget er eigner Faber fan de winkel.

De oerfaller wol jild ha. Hy jout Faber in klap mar dy byt fan him ôf en de oerfaller naait út. Faber ropt om help fan omstanders dy't de oerfaller úteinlik oan de plysje oerdrage.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)