Winkelman bedrige yn Drachten

13 apr 2012 - 10:14

Trije Drachtsters binne tongersdei oanhâlden foar bedriging. It trio fan 16, 17 en 18 jier wurdt derfan fertocht in winkelman oan De Kolken bedrige te hawwen. Ien wie de winkel yngien en wie wer fuortgien doe't de winkelman net op de bedriging reagearre.

De winkeleigener is him yn de auto achternei riden en belle it sinjalemint troch oan de plysje. De jonge op de fyts trof twa jonges op in skooter en gie mei harren fierder. Eefkes letter rekke er se kwyt. De plysje koe harren letter oanhâlde. Se binne op it plysjeburo fêstset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)