Winkellju skrikke fan brieven

20 mrt 2012 - 12:41
  • Plysje

Tsientallen winkeleigners yn Ljouwert en Drachten binne de ôfrûne dagen opskrikt troch twingende brieven. Yn de brieven wurde troch ûnbekenden saneamde 'proteksje-tsjinsten' oanbean oan de winkellju.

De snobbersguodwinkel LekkerZoet en kleanwinkel Jens&Julia kidswear yn de Peperstrjitte yn Ljouwert binne twa fan de winkels dy't de brief krigen ha. De eigners binne bot skrokken fan de brieven. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)