Winkellju Saailân dupearre

06 maaie 2010 - 11:58

Undernimmers fan it Saailân yn Ljouwert hawwe skjin har nocht fan de ferbouwing fan it winkelsintrum dêr. De ferbouwing rint bot út en dêrtroch hawwe de winkellju in stik minder klanten en dus ek ynkomsten. Der soe hurder wurke wurde moatte.

Neffens wethâlder Florijn fan de gemeente Ljouwert sil in diel fan de ûnkosten fergoede wurde en wurdt der mei in strak skema besocht alles op 'e tiid klear te krijen. Dat soe dan yn 2011 wêze moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)