Winkellju drok mei Glêzen Hûs

23 nov 2013 - 11:25
  • Kollektebus Serious Request
  • Kollektebus Serious Request

Ljouwerter ûndernimmers fan winkelsintrum it Saailân binne al drok dwaande mei de tariedings foar it Glêzen Hûs. Ein desimber sitte trije DJ's fan radiostjoerder 3FM yn it hûs foar de aksje Serious Request. Tsientûzenen minsken komme dan nei de stêd ta. Foar de ûndernimmers is it wichtich dat in soad minsken nei Fryslân komme, want dat smyt jild op, mar it betsjut ek ekstra wurk.

De winkelljuferiening hat spesjaal foar de wurksumheden in wurkgroep oprjochte foar de aksjes, lykas as in feiling en in wedstriid bierkretten steapelje.

It Glêzen Hûs stiet fan 18 oant 24 desimber yn Ljouwert. De ferkeap fan spesjale T-shirts rint goed, se kostje 20 euro it stik en al it jild giet nei Serious Request.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)