Winkeljend publyk moat wenne oan langere iepeningstiden

29 mrt 2015 - 10:51
  • De Suderbuert yn Drachten

De tydlike útwreiding fan iepeningstiden foar winkels yn Drachten hat sneon net laat ta folle mear klandyzje. Yn stee fan fiif oere meie ûndernimmers yn it sintrumgebied de kommende tiid op sneon in oere langer iepenbliuwe. Neffens winkeliers hawwe konsuminten dêr ferlet fan.

Yn Drachten waard it nei fiven rêstiger yn de winkelstrjitten, al waarden der wol aktiviteiten organisearre om minsken yn it sintrumgebied te hâlden. Publyk moat dúdlik wenne oan de nije slutingstiid op sneon. Neist ûnbekendheid hat it reinige waar ek in rol spile.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)