Winkelhierprizen It Fean leger

03 jan 2012 - 11:32

Op It Hearrenfean binne yn 2011 de hierprizen fan winkels op saneamde A-lokaasjes mei 2,5 % sakke. Dat liket goed nijs mar is in alarmearjend sinjaal. Neffens in ûndersyk fan buro Jones, Lang & Lasalle hat it sakjen fan de prizen te krijen mei de krisis. De hierhichte is ûnder mear keppele oan de omsetten en dy rinne yn de lytsere plakken werom.

It Hearrenfean wurdt hjirby as foarbyld neamd. Neffens de ûndersikers soe it tij keard wurde kinne mei it oantrekliker meitsjen fan de winkelkearnen.

Utnoegjende hoareka, foarsjennings en festiging fan grutte ynternasjonale ketens soenen hjir bygelyks in rol yn spylje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)