Winkeldieverij yn Makkum

27 mrt 2005 - 15:02

In ûnbekende man hat sneontemoarn in kistje mei tsientallen euro's stellen út in winkel oan de Foarstrjitte yn Makkum. Hy seach even rûn en gong nei in pear minuten wer fuort. Doe kaam it personiel achter de dieverij.

De dief is noch efterfolge, mar naaide hurd út. Ek de plysje hat noch socht, mar koe de man net fine. Der is oanjefte dien fan stellerij troch in 35-jierrige ynwenster fan Makkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)