Winkeldieverij yn Boalsert

17 jun 2006 - 15:53

Twa manlju ha freedtemiddei foar 400 euro guod besocht te stellen út in winkel oan it Marktplein yn Boalsert. Meiwurkers fan de winkel krigen yn de gaten dat der fleskes parfum misten, doe't ien fan de twa fertochten gau de winkel útrûn.

De oare koene se te pakken krije, mar ek hy naaide út. Dêrby liet er in tas falle, wêryn it parfum en oar guod siet, mei inoar 400 euro wurdich. De plysje is noch op syk nei de dieven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)